Myn Fryslân

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Myn Fryslân -:-- / 305

Ik ken in lân dêr ’t minsken faak ferjitte
Om noed te stean foar foar ‘d rykdom om natoer
Dy rykdom sil sa ’t no giet ús ferlitte
Wat bliuwt der fan myn Fryslân dan noch oer
Hoe lang sil dêr de frisse winen waaie
Hoe lang bloeit noch dy bûnte blommewrâld
Hoe lang sil dêr ’t it fûgelguod noch gaaie
Yn ‘e natoer , dêr ’t Fryske hert fan hâldt

Stride foar myn heitelân, stride foar myn Fryske grûn
Striid minsken sa ’t no noch kin
Aanst komt de tsjusr’re nacht, it wie sa lang al jûn
De takomst liket swart en min.
Sil de natoer dit plakje grûn ferlitte
Ta offer fallen oan d’ ierdske macht
Dan kinne wy ús Fryslân wol ferjitte
Myn Fryske lân dat wer wurdt as de nacht

Ik ken in lân , dat tilt fan griene greiden
In lân sa stil en fredich oan ‘e see
En by de marren lans it wiuwen fan ‘e reiden
De fjilden fol mei ’t wiidferneamde fee
Dêr ’t wite wolkens ’t fiere gea omseamje
In lân, ferneamd al om syn fruchtb’re grûn
Dêr ’t stille doarpkes oan de kimen dreame
En warber ’t folk fan moarnsier oan ’t de jûn

Dat is myn bertelân, dat is myn fryske grûn
It lân dêr ’t ik ienris berne bin
Ik ha noch nea sa ’n plakje fûn,
dêr is myn libben, dêr is myn sin
En moat ik soms dit plakje grûn ferlitte,
Wêr ’t ik ek bedarje yn de fiere wrâld
Myn Fryslân sil ik nea ferjitte
Myn heitelân dêr ’t ik dochs sa fan hâld.

Tekst: Sikke Bangma
Muzyk: Adri de Boer