Waarman

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Waarman -:-- / 414

Moarns betiid it bêd wer út, it earste wat hy docht
lûkt it gerdyn foar it rút wei, wylst hy nei bûten sjocht
it ienichste wer’t it him om giet, is altyd bûtendoar
bliuwt it droech of wurdt it wiet, hy giet der hjoed wer foar

Alle aparaten yn syn wurkhok steane oan
se gean nea út oars is it slim, dan is syn dei bedoarn
up to date kostet slompen jild, mar jout syn libben sin
bliuwt it kâld of wurdt it myld, gjin waar is him te min

hy wurdt der altyd waarm fan
wat wurdt it no foar waar dan
yn murch en bonken waarman
in unyk eksimplaar
hy wurdt der altyd waarm fan
wat wurdt it no foar waar dan
yn murch en bonken in waarman
apostel fan it waar

Simmerdeis is hy for elkenien in steunpilaar
foaral bewolkt en jún wat rein, miskien moarn simmerwaar
hy wit hoe slim it is foar ús om foarút al te witten
dat it moarn neat wurdt om bûtendoar yn’e bleate bast te sitten

It falt in waarman dan net ta d’emoasje yn te hâlden
moai waar wolle se ha fan Gasterlân oant yn’ e wâlden
dat hy gjin god is mar gewoan in fakman yn it waar
mar wat de takomst bringe sil dêrop moarn kommentaar

Yn’e winter haww’ de measte minsken mar ien doel
it friest dat it ongelt, it wurdt in gekkeboel
dy iene fraach komt stees werom yn syn waarberjocht
komt der wol of komt der net in alvestêdetocht

Mei fjouwerkante eagen sjocht hy nei de kompjûter
set it winterwaar no troch of wurdt it sêft as bûter
oan sliepen komt hy sa net ta, it nijs moat troch it lân
de waarman is belangryk, nee dêroer gjin misferstân

tekst & muzyk: Adri de Boer
waarberjochtpraatsje: Piet Paulusma