Skimermeldij

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Skimermeldij -:-- / 344

De jûn ferskimere de dei,
‘t ljocht rûn stadich wei
dize lei oer it gea.
Ik stie der stil fielde my âld,
en fanbinnen kâld
in lyts bytsje dea.
Doe bisto by my kaam,
do hast myn hân beetnaam,
dyn wurden klonken as muzyk.
Doe bisto by my bleaun,
ik haw dyn lippen preaun,
de skimerjûn wie ús publyk.

Sa núnere yn skimertiid, in nij leafdesliet,
‘t wie dizze meldij.
Faaks tink ik noch oan dizze jûn,
sa haw’wy ús fûn,’t wie ús earste dei.
Doe bisto by my kaam,
sa’k wie sa hast my naam,
nea geane wy wer út elkoar.
Sa is it altyd bleaun,
wy reitsje noait £tpreaun,
wy bliuwe altyd by elkoar.

Doe bisto by my kaam,
sa’k wie sa hast my naam,
nea geane wy wer út elkoar.
Sa is it altyd bleaun,
wy reitsje noait £tpreaun,
wy bliuwe altyd by elkoar. Dmin- Gmin

tekst : Sikke Marinus
muzyk : Adri de Boer