Nachtwurk

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Nachtwurk -:-- / 335

Fan Bûtenpost nei Amsterdam
fan Amsterdam nei Rotterdam                                                                                                                                                dan troch de polders wer werom
en tsjin de moarn pas thús
De hiele nacht bin ‘k ûnderweis
De iene nei de oare reis
it is myn brea it is myn wurk
nachtwurk is myn wurk.

Ik sit yn’t nachtwurk
Ik sit yn’t nachtwurk
nah nah nah nah nah nah nah nah nachtwurk
nachtwurk, moai wurk prachtwurk
nah nah nah nah nah nah nah nah naaaaaaah

Op sneontejûn nei Ljouwert ta
De kroech yn en goed wille ha
de Nijstêd del en wer werom
En tsjin de moarn pas thús
De hiele nacht bin ‘k ûnderweis
Soms is it sa in oer as seis
Al wurdt it let ‘t is sok moai wurk
nachtwurk das moai wurk

Dan wurd it nachtwurk

De sneintejûn dy hâld ik frij
De hiele nacht spesjaal foar dy
In kerske oan in cd-tsje op
En tsjin de moarn pas thús
Do jousty lekker by my del
Dyn hannen op myn bleate fel
Kom leafste kom dan giet it oan
It is noch lang net moarn

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer