Anke

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Anke -:-- / 412

Hast hjir mar in healjier wenne,
foar ús oer op nûmer fiif.
Mar as ik oan dy tiid weromtink,
krij ‘k wer flinters yn myn liif.

Wiest al grut en hiest dyn keamer
krekt tsjinoer dy fan ús Jan.
‘t Keamerke mei de gerdyntsjes,
soms dan dream ik der noch fan.

En myn hert sloech 88,
man wat wiesto prachtich.
En myn hert sloech hûnderttsien,
sa as dy wie der gjinien.

Want asto nei boppe gyngste,
en dy oan ‘t ferklaaien wiest,
liesto de gerdyntsjes iepen,
seagen w’ alles wasto diest.

‘t Hiele protokol foar ‘t sliepen,
altyd seagen wy dêrnei.
‘t Wie foar ús de hiele simmer
‘t moaiste skoftke fan ‘e dei.

Soms wie ‘t krekt as seachst ús sitten,
kaamst noch tichter by it rút.
En mei ‘t hert op hûndertfiertichtich
seagen wy ús d’ eagen út.

Letter doe ‘tst ferkearing krigest
ferlearnen wy dy út it sicht.
It wie frjemd, want nei dy wike
diest jûns de gerdyntsjes ticht.

tekst Jurjen v.d. Meer
muzyk Adri de Boer