Blusbroer

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Blusbroer -:-- / 243

Myn broer dat is in brânwarman,
de bêste fan it lân.
Hy hoecht mar reek te rûken,
stiet hy al by de brân

Ha jo fjoer yn ‘e panne
of de barbeque te hyt.
Jo kin ‘m altyd skilje
myn broer dy komt sebyt.

Ha jo rampen by jo thús,
’t let neat op wat foar tiid.
Ek al sit it foar it krús,
syn pyper giet, Hy blid.

Hy ferjit syn wurk op slach
jouwt it wiif in dikke tút.
Sjit fuort yn ’t branwacht pak,
en makket ’t brântsje út.

Myn broer dat is in blusser
Hy dwêst graach eltse brân
En as it brântsje út is
Hat hy syn klimaks hân

’t Is syn eigen wiete dream
hy blust sa graach ris wat
Hâldt himsels net mear yn team
Ek by in hite skat.

De brânwacht is syn libben
It leafst de heule tiid
Dan is ‘r tige lokkich
En fielt ‘m wakker bliid.

Tekst Geart Bos
Muzyk Adri de Boer