In lytse fan it doarp

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. In lytse fan it doarp -:-- / 315

It lytse fan it doarp, dêrom,
hieltyd dyselde tsjerketoer,
dat elkenien syn namme koe,
woe hy der wei

Hy is net foar de ljippen bleaun,
of foar de skippen op ‘e mar,
it lûd fan izers oer it iis,
ek net foar har.

Fier fuort fan pompeblêd en praat,
fûn hy de romte dy ’t er socht,
hy hat der inkeld net oan tocht,
oan ’t heitelân

It lytse fan it doarp dêrom,
hieltyd dyselde tsjerketoer.
Dat elkenien syn namme koe,
woe hy der wei.

Hy is net om ‘e ljippen bleaun,
of foar de skippen op ‘e mar,
it lûd fan izers oer it iis,
ek net foar har.

Sa njonkelytsen troch de tiid,
waard him de romte dêr te wiid.
Bekroep it âld gefoel op ‘e nij,
woe hy der wei.

Hy is net foar de ljippen kaam,
of foar de skippen op ‘e mar.
It lûd fan izers oer it iis,
sels net foar har.

It lytse fan it doarp, derom
hieltyd dyselde tsjerketoer.
Dat elkenien syn namme koe,
kaam hy werom.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer