Samar op in dei

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2005
  1. Samar op in dei -:-- / 249

Samar skynt de sinne samar op myn fel.
Samar earne hinne de dyk op en del.
Samar in lietsje samar sjong ik mei.
samar genietsje samar op in dei.

Samar wat drinke -samar op ’t terras.
Samar op wat klinke, mei dy yn myn sas.
amar wat slinterje samar oer it strân.
samar in flinter dy delstrykt op myn hân

Ien momintsje giet it oan,
samar ynienen en samar is’t foarby.
Ien momintsje giet it oan,
samar en bysûnder samar op in dei.

Samar in knypeach samar spontaan.
Samar dat ‘k har frege; wolst wat mei my dwaan.
Samar ferdwine samar yn in dream.
Samar in gelokje lit my eefkes gean.

Samar wat sitte
en lit de boel de boel.
Sunder te witten,
sûnder in doel.

Samar sa bysûnder op samar in dei.

Tekst & muzyk: Adri de Boer