Babylân

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Babylân -:-- / 1:00

Babylân                   oarspronklik Babyland Cornelis Vreeswijk     oersetting Adri de Boer

 

De ring is no sluten, en yn it midden fan de ring

gean ik op wei nei babylân.

De hynst is makke fan it suverste goud.

De maneezje belein mei it sulversân.

 

Eangst — is tsjin de jûn minder swier.

Der is ien ferwûne yn it hytst fan de hei. (fan de dei??)

De sulveren glinsters fan de rivier

bringe my nei it seelân werom op ‘e nij.

 

Sjoch wat ik krige troch my hjir te binen.       G

It holp my foarearst wer wat frede te finen.

Bûtendoar hear ik fioele muzyk.

Slút it finster Annemiek.

 

Annemiek fiel de wyn troch dyn hier.

Fjoer út de himel fielt waarm en goed.

Do bist it sulver wat ik mis ja wier.

Lit my no fiele de gloed fan dyn hûd.

 

Sjoch wat ik krige troch my hjir te binen.

It holp my foarearst wer wat frede te finen.

Bûtendoar hear ik fioele muzyk.

Slút it finster Annemiek.

 

 

Adri de Boer:                  sang, akoestyske gitaar.

Sytse Broersma:             kontrabas

Arvan Blok:                      akoestyske gitaren