Dûnzen dekbêd polder

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Dûnzen dekbêd polder -:-- / 0:52

Dûnzen Dekbêd Polder              tekst:    Jurjen van der Meer

                 

It wie in lette simmerjûn,

de loft begûn te kleurjen.

Doe ’t ik in âlde hippy seach,

hy kaam de dyk del kuierjen.

Ik bin, sa sei er, ûnderweis,

nee wier, it is gjin kolder,

Nei it moaiste plakje fan ’e wrâld,

de Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder

binn’ jo wolkom, elke dei.

Jo krij der moarns croissantsjes

en in lekker sacht sean aai.

De hûzen ha dêr túntsjes

mei in bankje by de doar.

It is noait min waar,

der is gjin gefaar,

krijst gratis pot,

ja, it is my wat,

yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder

sitte plysjes op kantoar.

De hûnen kinn’ net bite,

rûzjes komme der net foar.

De bakkers diele taartsjes út,

de slachters drûge woarst.

Ut ’e kraan komt wyn,

read fan sinneskyn.

Bakte fisk, ha ’k heard,

swimt der yn ’e feart,

yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder

hingje oeral skjinne klean.

Jo hoege net te wurkjen,

mar jo krije dochs je lean.

In drankje stiet by ’t swimbad klear,

de barbecue is oan.

De belestingmenear

docht nimmen sear,

yn ’e krante stiet

dat it prima giet,

yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder

is jûns altyd live-muzyk.

Lekker swinge op ’e dûnsflier,

polonêze op ’e dyk.

Op it lêst noch bitterballen

en in taksi bringt jo thús.

It kostet neat,

der giet niks ferkeard.

‘k Bliuw der oant ik stjêr,

miskien sjoch ‘k dy dêr,

yn ’e Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Foar ryp en grien, foar elkenien,

is de Dûnzen Dekbêd Polder.

 

Adri de Boer:                 sang, akoestyske slachgitaar

Sytse Broersma:           basgitaar

Rogier Brink:                banjo

Ytzen Peterson:            elektryske gitaren

Richard Veltman:          drums

Mnnnzngvrngng:          Koarkes