Altyd ûnderweis

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Altyd ûnderweis -:-- / 1:13

Altyd ûnderweis

tekst Adri de Boer/Jurjen van der Meer

 

De tiid glydt troch myn fingers.

Dat hâldt gjin minske tsjin.

Sân dagen yn ‘e wike

en altyd tiid te min.

En sjoch ik nei de takomst,

dan wit ik it faak net.

As ‘k hjoed net doar te libjen,

bin ‘k moarn grif ek te let.

 

De spieren minder soepel.

De earste grize hier.

In lêsbril fan de Hema.

In pûn as wat te swier.

‘k Ha alles wat ik ha wol,

dochs tink ik dat ‘k wat mis.

Ik fiel my sa ûnrêstich,

ik wit net wat dat is.

B

 

Altyd ûnderweis nei de takomst.

It libben is in fearke op ‘e wyn.

Altyd ûnderweis, in libbenslange reis.

Wêr is it plakje dêr‘t ik lijte fyn?

 

‘k Hie eartiids grutte plannen,          E

ik woe net yn ‘e rij.

Want “huisje, boompje, beestje”,

nee, dat wie neat foar my.

Myn eigen koers soe ‘k farre.

En neat dwaan tsjin myn sin.

Mar wêr bin ik bedarre,

dat ik sa oan’t sykjen bin?

 

De dreamen dy’t ik dreamde

binn’ fêstrûn yn ‘e kjeld.

De dagen dy’t ik ferprutste,

ik ha se mar net teld.

De tiid raant troch myn fingers

as lytse flokjes snie.

In doaze miste kânsen,

wylst ik sa seker wie.

 

 

Adri de Boer:                  sang, Hammond en akoestyske gitaar.

Sytse Broersma:             basgitaar en koarke

Lotte Broersma:              koarke                                                                                                                Ytzen Peterson:                     elektryske gitaren                                                                                             Richard Veltman:                     drums