Bliuw mar by my

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2022
  1. Bliuw mar by my -:-- / 1:07

Bliuw mar by my                tekst Giny Bastiaans

 

Ik wit wol do hiest sa dyn twifels oer my.

Mei in húske, in túntsje, in katsje.

Dyn wrâld wie sa grut en do wiest noch sa frij.

Mar doe kaam dy simmer, myn skatsje.

 

Leave moatst hearre, dat sei ik tsjin dij:

Swier waar yn ‘e loft en wat dochst?

En elkenien seit: tis noch net foarby.

Dus bliuw mar, as’t wolst, hjir by my.

 

Wolsto by my bliuwe, dan sjong ik foar dy,

yn it moanneljocht sêft in leaf wyske.

Do krijst út de tún farske griente fan my.

Ja, ik bou ús hjir in paradyske.

 

Ik sei: Sjoch myn roazen dy bloeie sa read.

En de wyn stiet al op dy te wachtsjen.

Do seist: Ach allinnich dat is no ek neat.

It is better by dy te oernachtsjen.

 

Ik ha net oerdreaun en do bist hjir bleaun.

Dy simmer wie fol groei en bloei.

De lucht wie sa skjin en wy ha neat te min.

In winter as dy komt, dêr kinne wy tsjin.

 

 

Adri de Boer:                 sang Akkordeon en gitaar

Sytse Broersma:             Kontrabas