It lân fan myn muzyk

Artist
Ari de Boer
Útjûn
2015
  1. It lân fan myn muzyk -:-- / 358

Op it poadium stean, myn grutte passy.
Dat is net út te lizzen oan in oar.
Nije teksten ‘k liz der soms fan wekker.
En de oaredeis dan gean ik der wer foar.

Yn kroechjes of faaks yn lytse sealtsjes.
Elk komt hjir del foar de muzyk.
Yn it skoft in praatsje en in drankje.
Myn muzyklân myn eigenste lytse ryk.

Sjong mei my dit liet.
Gean der mar yn mei.
Sjong it dyn longen út en fiel dy frij.
Yn myn muzykwrâldsje mei fantasij.

Altyd ûnderweis myn lêste ferske.
’t Publyk sjongt it deuntsje samar mei.
By de neisit nim ik in kâld glêske.
En dan oan’t sjen, de jûn is wer foarby.

Troch it tsjuster ryd ik dan op hûs oan.
It wie in moaie jûn mei ’t publyk.
Ik reizgje troch de Klaai en troch de Wâlden,
spylje fan Harns oan ‘t de Gerdyk.

Myn libben is muzyk. Kin der net sûnder.
In dei net sjonge docht my eins gjin goed.
Ferskes binn’ foar my as lytse wûnders.
Se streame alle dagen troch myn bloed.

Adri de Boer tekst & muzyk yn gearwurking mei Giny Bastiaans-Yedema