Altyd by my

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. Altyd by my -:-- / 320

We wienen noch jonges, foar `t earst mei fakânsje.
`t Wie earne yn Drinte, de sinne wie myld.
In wolkleaze simmer, sa’t ik der tsjin oan sjoch.
We wienen noch jong en wat wyld.

Moarns sliepten we út, middeis swimme by `t marke,
Dan bier by de tinte, en jûns wer op stap.
De wrâld lake ús ta, elk geheim hie in doarke.
It libben wie ien grutte grap.

En doe seach ik dy, by ús marke ferskinen.
Ik krige it waarm, ik wist net hoe`k it hie.
Ik woe mar it leafst ûnder wetter ferdwine.
Mar ik koe net bewege, en ik stie wêr’t ik stie.

No wie it net sa dat ik hielendal neat wend wie.
Mar dit fielde oars, `k wie der wol wat foar wei.
En dochs wie it krekt at ik dy altyd kend hie.
En doe kaamst yn `t wetter by my.

Ik seach yn dyn eagen, it wie as waard `k wekker.
Yn in ivige dei dy`t nea moarn wurde soe.
It wetter dat slút` om ús hinn’ as in tekken.
Dêr’t ik nea ûnder wei komme woe.

Ik seach om my hinne op syk nei myn maten.
Se wien` yn gjin fjilden of wegen te sjen.
It wie as hie elts dizze dei yn ‘e gaten.
Dat je soms better fuort wêze kin’.

`k Ha dy nea wer sjoen, mar `t wie op in moandei.
Doe seach ik in famke mei eagen lykas dy.
Dy eagen dêr woe ik foar ivich yn wenje.
En sy is noch altyd by my.

tekst Sytse Broersma,
muzyk Adri de Boer