De stambeam / Venice ‘The familytree’

Artist
ADRI & ARVAN
Útjûn
2017
Genre
wrâldhits
  1. De stambeam / Venice ‘The familytree’ -:-- / 0:40

As beakens yn ‘e wyn,
sa mei elkoar hjir stean.
No dizze stoarm te gean,
kinn’ dêr net ûnderút.
Meiïnoar op dit plak,
hân yn hân de leechte diele.
Dyn waarme freonskip fiele,
hjir ta einbeslút.

No sizze wy farwol
en witte hiel goed,
hjir mei syn allen,
‘t fielt sa iensum hjoed.
It gemis dat bliuwt,
mar it gûlen ferdwynt.
‘t Jout wol treast dat libben hieltyd bloeit,
en de stambeam altyd groeit.

Fan in heit op soan, fan mem op dochter,
wurdt de bining trochjûn, dat giet nea foarby.
Bist no by ús wei,
dêrom dit earbetoan.
Wy stekke kearskes oan.
Sa tinke wy oan dy.

De wyn as teken troch ús hierren soeit.
En de stambeam altyd groeit.

orizjineel The Familytree Venice
oersetting Adri de Boer/Sytse Broersma