Ha mar gjin noed Direstraits ‘Why worry’

Artist
ADRI & ARVAN
Útjûn
2017
Genre
wrâldhits
  1. Ha mar gjin noed Direstraits ‘Why worry’ -:-- / 3:29

Leave, ‘k sjoch dat de wrâld dy pine docht
Guon minsken binne sljocht
Yn harren sizzen en ek dwaan

Mar leave dyn sâlte triennen fang ik op
De eangsten en de grize loft
Ik sil dy derfoar blaue jaan

Gjin noed no, wylst laitsjen folle better is
Nei rein komt sinne dat is wis
‘t wie altyd al sa sûnder mis
Ha mar gjin noed.

No leave as ‘k pine ha kom ik by dy
Do jouwst my nije kleuren mei,
Troch dy krijt alles dochs wer sin

En leave, de wrâld is my faaks te benaud
ús leafde skynt no read en goud
wy kinn’ de wrâld tegearre oan

orizjineel Direstraits ‘Why worry’
oersetting Adri de Boer