In bytsje krystich

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. In bytsje krystich -:-- / -:--

‘k Rin oer de Liphústerheide
twa reëen myn publyk.
De snie falt op har beiden,
in mearke is ’t gelyk.
Yn myn holle in nij ferske
oer wat dit byld my docht.
Flarden tekst mei wat in wyske.
It komt grif in kear foar ’t ljocht

Klisjees wol ‘k eins net brûke
se binn’ al te faak sein.
‘k Sil dus fierder yn it plaatsje dûke,
alle tiid want ‘t is hjoed snein.
In oerke letter, ik bin wer thús,
set gau de bylden op pepier
want ik bin in goed yn it ferjitten,
dus ‘t moat no eins binnen ’t kertier.

Ik sjoch eefkes troch it rút
it wiit al aardich dik.
‘k Wol der eins wer eefkes út
de snie yn jout my skik.
Ynspiraasje ta in lietsje
somtiden bûtendoar.
In bytsje krystich, no genietsje
fan it wite bûtendoar.

Nim in glêske op de frede
op alle dagen fan it jier.
Lit der tiden komme
mei alle goeds foar elkenien.
Tsjoch op it bêste,
op de Kryst op Ald en Nij.
Lit de tiden komme
mei alle goeds foar dy en my

tekst en muzyk Adri de Boer