Bring my dat liet

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Bring my dat liet -:-- / 326

Bring my dat liet,
it liet fan de seizoenen,
de lûden fan de maitiid,
it is it moaiste liet.
Lamkes yn ‘e finne,
ljipkes dy’t beminne
en at wy lokkich binne,
hearst gryt o gryt.

Bring my dat liet,
it liet fan de seizoenen,
it liet fan de simmer,
it is it moaiste liet.
In famke mei in jonge,
in geal begjint te sjongen,
de nacht dy’t rein en tonger
en ús kuolte biedt.

Bring my dat liet,
it liet fan de seizoenen,
it liet fan de hjerst,
it is it moaiste liet.
De stoarm dy’t dêrbûten,
slacht tsjin de ruten,
it bêd docht fertuten,
it sliept sa waarm en swiet.

Bring my dat liet,
it liet fan de seizoenen,
it liet fan de winter,
it is it moaiste liet,
fan ferhalen dy’t komme,
carols wurde songen,
earste stappen nommen,
yn ‘e farske snie.

Sjong my dat liet,
it liet fan de seizoenen,
it liet fan alle kleuren
dat is it moaiste liet.
fan hjerst oan’t simmerloften,
de kleuren hieltyd oarser
it ljocht dat wer feroaret
is it moaiste liet.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer