Fannemoarn gesprek fierd by Eva Tijsma Video & Animatie yn Ljouwert ta realisaasje fan in klip by it nije nûmer ‘Dûnzen dekbêdpolder’. It nûmer sil de twadde helte fan dit jier ek ferskine op it nije album. Oer in tal wiken sil de klip presintearre wurde. Hoe, wat en wêr ? Dat hearre jimme sa […]
Nije fideoklips.
Op dit stuit is Adri dwaande mei plannen foar twa nije fideo klips, wêrfan ien in animatieklip. Nije wike sille der gesprekken fierd wurde om ta in realisaasje te kommen fan de animaasje klip.
Webstek hjoed online gien
Ek al wurket net alles noch sa as Adri graach woe, mar yn grutte halen stiet der no in prachtige webstek en hoapje dat elkenien de webstek mei nocht en wille besjen kin.
Nij programma ‘ Mei Adri de boer op’
Nij solo album Adri yn 2020
Dit jier sil Adri mei in folslein nij album komme mei nije lietsjes. In bewurking fan it 20 jier âlde liet ‘Fûgel’ sil yn in nij jaske mei de MNNNZNGVRNGNG (mannenzangvereniging), mar ek in oesetting fan in nûmer ‘Neem me zo’ fan De Kast sil op it album ferskine . In tal muzikanten klaaie de […]
Fideoklip ‘Fûgel’ opnames makke yn Ierlân.

Tegearre mee de mnnnzngvrngng ( mannenzangvereniging ) wêr ’t Adri ûnderdiel van út makket reizige dit muzykale selskip fan 25 oktober ôf fjouwer dagen lâns pups yn Ierlân yn it gebiet rûnom Cork. Ek song Adri eigen wurk tegearre mei it koar, en ek is de basis lein foar in fideoklip fan fan it nûmer […]