Folle Buorskip by cd presentaasje 6e soloalbum Adri op 10 April.

Yn in folle Buorskip wie de presintaasje fan al wer it 6e soloalbum ‘Geandewei’.

In programma mei fansels de ferskes fan it nije album , mar ek wurk fan eardere albums kamen oan bod.

De begeliedingsband bestie út Berhard Holtrop op bas, Richard Veltman op drums en Ytzen Peterson op gitaar.

Tidens it programma krige Adri syn frou fia de tillefian, om’t se siik thús siet, it earste eksimplaar oanbean troch Adri sels, in moai mar ek emosjoneel momint.

Efk wie der in foarpriuwke fan al wer in nij programma, en album om de ferskes hinne fan Stef Bos yn it Frysk, wat Adri mei Sido Post bringe sil yn seisoen 23-24 ûnder de namme ” De Boer sjongt Bos”. Dit waard ek entûsjast ûntfongen.

De twa koaren wêr ‘t Adri mei fan dwaan hat diene ek mei oan dizze middei. Wad n Koor út Holwert brocht trije nûmers út harren repertoir, mar ek de MNNNZNGVRNGNG ( mannenzangvereniging ) fan Beetstersweach diene trije nûmers.

Mei beide koaren op it poadium waard it nûmer Fûgel foar it ljocht brocht, yn in yndrukwekjende útfiering.

Ta ein beslút waard it nûmer Alde dyk, de Fryske oersetting fan Country Roads, songen en troch de hiele seal út folle boarst meisongen.

Reagearje

required