Wer wat allinne

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Wer wat allinne -:-- / 318

No rin ik út de stêd troch de nacht nei myn bêd
wer wat allinne krekt as foarhinne
Want ik wist sûnder mis , it is oer it waard niks
Se tute my de lippen, fourt út myn libben
Wy hiene in tiid, fol fan laitsjen en bliid
Frije yn ‘e sinne , kilometers rinne
do wiest myn freondinne

No rin ik út de stêd, troch de nacht nei myn bêd
wer wat allinne, krekt as foarhinne
It ljocht fan ‘e moanne, skynt foar ús no net langer
ik wist it fan te foaren do hâldst mear fan dy oare
Der komt kjeld fan ‘e stienen, en ik fjochtsje tsjin myn triennen
De waarmte fan dyn tonge, is foar dy oare jonge
en ik kin inkeld sjonge

Wy hienen in tiid fan laitsjen en bliid
frije yn ‘e sinne, kilometers rinne, do wiest myn freondinne

No rin ik út ‘e stêd troch de nacht nei myn bêd
wer wat allinne, krekt as foarhinne
Wat ha wy doe mâltjirre, do hiest my yn ‘e skjirre
Ik sil dy net ferjitte, de groeden bliuwe sitten
It laitsjen en it rinnen, en it frije yn ‘e sinne
moat ik dy oar no litte, mar do moast wol goed witte
Ik hâld fan dy freondinne

Tekst & muzyk: Anne Oosterhaven