Oan ‘e kant

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Oan ‘e kant -:-- / 258

Oan’e kant
rin ús net yn ‘t paad
wy hawwe in ferskriklik soad haast
oan’e kant
want wy binn’ hast te let
wy hawwe mar in pear minuten tiid

Wy moatte drave, springe, fleane,
dûke, falle, steangean en wer trochgean
wy kinne hjir net bliuwe
wy bliuwe no net langer by jim stean

In oare kear miskien
dan bliuwe wy te sliepen
en kinne dan miskien as it moat
wat oer de kij, en fuotbal…………en de lotto prate
no hoi oant sjen, it bêste, ‘t giet jim goed

Oan’ e kant
gean no oan’ e kant
wy hawwe in ferskriklik soad haast
oan’ e kant
want wy bin hast te let
wy hawwe noch in pear minuten tiid

Oan’e kant
wy rinn’ ús út ‘e naden
it swit slacht ús út wy hawwe haast
oan’ e kant
want wy bin hast te let
wy hawwe noch in pear sekonden

orizjineel: Herman.v.Veen / Erik v.d. Wurff
oersetting: Adri de Boer