Myn earste leafde

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Myn earste leafde -:-- / 340

Ik dreamde fan dy, ik dreamde fan dy
Ik fytste dy alle dagen foarby
Wol hûnderd wol tûzenen/tûzen kear by dy lâns
Al wist ik it , ik haw gjin inkele kâns
Ik wist, ‘k ha gjin inkele kâns
Ik dreamde fan dy, dan koe ik hast fiele
Hoe sêft en my leafde myn hânnen dy strielen
Ik fielde dy triljen, ik hearde dyn lûd
Sa swiet, sa klear, ik streake dyn hûd
Dy ‘t glêd en sa geef wie, sa flamjend fol fjûr
Sels op in âfstân wie ik al oerstjoer
Ik dreamde fan dy, in wûndere dream
Myn dream dêr is it by bleaun

Ik dreamde fan dy, ik dreamde fan dy
Ik dreamde dy alle dagen der by
Ik lange, ik longere inkeld nei dy
In stjêr, ûnberikber foar my
Ik woe mei dy laitsje, ik woe mei dy skrieme
Mei earms en skonken woe ik dy omfieme
By dy te hearen, tegearre sa ien
Dat dreamde ik my, foar my wiesto snien
Ik dreamde, do wiest foar my snien,
Ut it súverste, moaiste, earlikste hout
Wêzen fan waarmte, herte fan goud
Ik dreamde fan dy, in wûndere dream
Myn dream dˆr bleau it doe by

Ik dreamde fan dy, ik dreamde fan dy
Ik dreamde dy hieltyd op’e nei wer by my
Sok dreamen dat kin ‚echt bestean by in bern
Is dat bern grut, en de moed net ferlern
is it grut’ en de moed net ferlern

Dan bliuwe de dreamen, dan wurdt der doarme
Ik ha oeral west ik ha oeral doarme
Op syk nei dat lûd, op syk nei dy foarmen
Ik socht hiel it lân troch, stêden en doarpen
Sa ha ik dy fûn
Myn leafste, myn leafste, myn leafste
Myn leafste
Sa ha ik dy fûn

tekst : Hessel van der Wal
muzyk: Adri de Boer