Leafde fan letter

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Leafde fan letter -:-- / -:--

as leafde us ferfuorre,dan wie it echt dan wie it wier
al kaam der skuorren yn’e muorre en makken fouten it soms swier
hiel dizze keamer raast it ut, us âlde bêd it waarme nêst
ademt de guer fan hite tiiden,dat wylde hertsfjoer is no út
de hytste hei is yn‚ rêst, de wapens wer wy doe my striiden

ik hâld fan dy, mei alles wat ik bin hâld ik fan dy
yn alles wat ik fiel bisto by my, ik hâld noch steeds fan dy

do snapst no allang myn slimme streken, ik wit hoe leaf asto laitsje kinst
ik hoech net mear om dy te smeekjen, do wist wer’sto my raitsje kinst
ik haw ferkearde dingen dien, soms wie’k dagen fuort fan dy
dan hie’k ek wol ris freundinnen, wy wienen jong en net fan stien
sa learden en ûntdutsen wy, je kin altyd opnei begjinne

sa ha wy jieren touwtsje lutsen, mar loslitten ha wy neat
de measte knoekers binne strutsen, en soms is it in bytsje dea
do tierst en skelst net mear sa lûd, ik lit my net sa gau mear gean
skerpe wurden hâld wy binnen, mar al behearskje wy us moed
ien ding bliuwt altyd bestean, de leave oarloch fan us minnen

orizjineel”La Chanson Des Vieux Ammants`Jacques Brel
oersetting:Sikke Marinus