In freon dy ‘t gûlt is oars

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. In freon dy ‘t gûlt is oars -:-- / 340

Jawis,der binne in soad soldaten
Dy’t falle foar in lytse klyk
Jawis,dan binne der dy magnaten
De wrâld foar har ien grut fabryk
Jawis,gjinien hat jild dat stjonkt
Gjin rook komt dy noch yn ‘e noas
Jawis,gjin minske dy ‘t noch sjongt
Mar in freon dy’t gûlt is oars

Jawis, gjinien is better as de oare
Gjin bûsen hast yn it lˆste himd
Der binne guon dy ‘t net mear doare
En dêr ‘t men neat mear fan fernimt
Jawis, dan hast ûntrouwe froulju
Of mei twa skonken yn ien hoas
Jawis, noch frjemder kin it wol rôlje
Mar, in freon dy ‘t g–lt is oars

Jawis, hast noch de goare stêden
De bern binne gau allike âld
Us ûnmacht om mei har te rêden
Us hert te lyts foar har behâld
Jawis, de tiid giet fierst te hurd
De trein is fol en rêsteloas
It is de waan dy ‘t wierheid wurdt
Mar in freon dy ’t gûlt is oars

Jawis, ús spegels kinne net liigje
Us wurd is net altyd ús wurd
Sa litte we oaren ús bedriigje
Sa binne we lef, sa binne we hurd
En al dy minsken dy ‘t dy neistean
Do hoechst net mear, do hoechst net oars
Mei leafde litte se dy kapotgean
Mar in freon dy ‘t gûlt is oars

orizjineel:Voir un ami pleurer Jacques Brell
oers. Tsjêbbe Hettinga/Wilco Berga