Do

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Do -:-- / 431

Tsien jier werom seach ik dy stean
Dyn baas sei tsjin my foar jild meisto gean
Dyn foarmen perfekt, dyn hûd sa gle3d
better koe ’t net , ik naam dy mei út de stêd

Yn de nachten mei dy wie ‘k op myn bêst
wy hiene sin oan mekoar wy namen gjin rêst
dyn foarmen perfekt sa amerikaansk
wiest thús yn New York, bist ek thús yn Harns

ik spylje mei dy ik sjong mei dy
ik aai op dy om do witst wol werm
wy reitsje mekoar, dan sêft dan wer hurd
do bist dysels en ik stean foar myn wurd

Do bist alles foar my, al tink ik soms wol
hoe it wêze soes ûnder dyn rol
dyn foarmen perfekt, dyn stim o sa waarm
feroarest sels net doe ‘k dy stean ;iet yn Starum

Faak omklamje ik dy dan bin ik benaud
mei in oar yn ‘e buert dat fyn ’t net fertroud
do bist sa perfekt, dat dat sjocht eltsenien
altyd yn feroarin, do bist net fan stien

Do bringts my gelok, mei eltsenien witte
it is stees wer in feest om dy sjen te litten
dyn foarmen perfekt, dyn stim altyd geef
mei myn earm om dy hinne kom ik op dreef

Dat ik om dy jouw, is net sa raar
al bist net myn frou, do bist myn gitaar

tekst & muzyk Adri de Boer