Aventoer

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Aventoer -:-- / 140

Sjoerd dûnse troch it libben op wei nei aventoer
los fan syn hûs en sibben Sjoerd sit fol fan fjoer
gjin minsk koe him bine de flinters efternei
gjin takomst gjin ferline wa wit wat siket hy
hy gong fan hjir nei India ek wie d’r yn Japan
no sit hy yn Nigeria wat is d’r moarn fan plan
hy soe wol fleane wolle want fûgels lykje frij
mei wolken om syn holle wa wit wat siket hy

Sjoerd hat it echt besike fan Boedah oan’t Bagwan
ma hoe skoan it ek like nea dimde Sjoerd syn brân
hy socht mar koe it net fine de innerlike rêst
flechtsjend foar ‘t ferline bleau juster hjoed syn lêst
Sjoerd woe himsels ûntrinne o domme domme Sjoerd
want dêr moat jo begjinnen de spegel fan hjoed
Sjoerd dûnse troch it libben opwei nei aventoer
los fan syn hûs en sibben bleau ‘r allinne oer

tekst: Sikke Marinus
Muzyk: Adri de Boer