Allegear rabberij

Artist
ADRI & SA
Útjûn
1998
Genre
harksankjes
  1. Allegear rabberij -:-- / 332

Se sizze dat ik fereale wie op in oar, net mear op dy
dat elkenien yn’e gaten hie, sy wie it net op my
dat ik oeren yn dyn Citroen nei har foardoar stie te sjen
rabberij oer my

Se sizze dat ik de kroech op sneon as lêste man ferliet
en oeren mei in gleske bier by de doar te wachtsjen siet
mei hieltyd wer in nij ferlet fan in lêste sigaret
rabberij
oer my

Leafste myn leafste
Hear no nei my
Hear no nei my
’t is allegear rabberij

Se sizze dat’st by dyn mem thús sitst om’t mei sa’n alkoholist
dy’t yn syn sliep raast en ropt en skriemt, net mear te libjen is
it is wier, dat doch ik no om dy
dat is noch net foarby
net foarby
foar my

moarn stean ik hjir op’e nij, al praat it doarp oer my
hear der mar net nei
ach kom no mei mei my do kinst net sûnder my
en ik noch minder sûnder dy
it doarp is lucht foar my
tiidfergriemerij
ik hâld gewoan fan dy
dat is noch net foarby

tekst: Giny Bastiaans,
muzyk: Adri de Boer