Trûbadoer

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Trûbadoer -:-- / 310

Trûbadoer

Alle dagen gean ik eefkes
in oerke of sa.
It moat der út it sil heve,
dan giet it der om ta.
It gefoel is dan hiel heftich,
in net te leauwen drang.
It fielt geweldich,machtich
sa giet it al hiel lang

Ik sit dan yn ‘t muzykhok
efter hûs, mei myn gitaar
te sykjen om de wurden
en ek de júste snaar.

Ik bin trûbadoer,
fol mei sjongersfjoer.
Ik bin trûbadoer,
de fryske Lenny Kuhr.
Ik bin trûbadoer,
sjong mar mei my mei.
Ik bin trûbadoer,
mei gitaarke en in snoer.

It sjongersbloed moat krûpe,
else dei opnei.
Ik hear stees wer nije deuntsjes,
it oare komt fansels der by.
Soms falt it ta soms falt it tsjin,
in liet rint wol as net.
Mar tusken ein en it begjin,
sit meastens it ferlet.

Al jieren spylje ik mei nocht,
foar wa ‘t it hearre wol.
En ik kin wol sizze dat ik dêrtroch,
de wille fûn jawol.
Om te sjongen yn it Frysk,
dat taaltsje sit der yn.
En it is ferhipte typysk,
‘t wurket as medisyn op my. Ja ja .

tekst & muzyk Adri de Boer