Stoere mannen

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Stoere mannen -:-- / 245

De tiid is no foargoed foarby
dat in man net gûle mei.
Emoasjes no foar eltsenien,
mar dêr is ‘t net mei dien.
Bin ik tiden fuort fan hûs en hiem
en ik tink oan frou en bern,
dan lit ik al myn triennen gean,
en nim in Fisherman.

Sjoch ik nei All you need is love,
of Hennie’s Snottershow.
Echt wier ik bin der samar ôf,
giet dat ek sa by jo ?
It hûske op ‘e prairje,
dêr kin ‘k sa net nei sjen,
dan lit ik al myn triennen gean,
en nim in Fisherman

Ik gean graach nei it fuotbal,
It Fean dat is myn klup.
Soms giet it hielendal net goed
al raas ik lûd fan HUP !!!
It baltsje rôlet krekt ferkeard,
en ha se wer ferlern,
dan lit ik al myn triennen gean,
en nim in Fisherman.

In moannen nei de tropen ta,
in reis per Jumbo-jet.
Safari, antilopen ja,
sis sels wa wol dat net.
Mar sit ik op ‘e kemping,
yn in lekke caravan,
dan lit ik al myn triennen gean,
en nim in Fisherman.

Ik dream fan djoere auto’s,
ik woe dat ik ien hie.
In Porsche of Ferrari,
dy’t yn myn garaazje stie.
Mar sjoch ik op myn paadsje,
myn âlde citroën,
dan lit ik al myn triennen gean,
en nim in Fisherman.

Ik fantasearje gauris oer
‘t publyk dat nei my heart.
De ien sjocht blier de oare stoer,
wer oaren merk je net.
Dan komt myn moaiste leafdesliet,
wat docht in echte fan,
dy lit dan al syn triennen gean,
en nimt in Fisherman.

Tekst Adri de Boer/Jurjen v.d. Meer
Muzyk Adri de Boer