Soan

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Soan -:-- / 255

Kom lytse soan fan my, no moasto gau op bêd.                                                          Bear Boeloe is wer dien, dyn eagjes binne sêd.
Noch eefkes krûpe, ja it lytse ljocht bliuwt oan.
Mar lekker kûse lytse soan, in tút oan ‘t moarn.

Do lytse soan fan my, dyn mûltsje prottelet nei.
Dreamst oer dyn lego, dêr ‘t net ien oan komme mei.
Dat is grut kwea foar dy, ach ja en dat dyn bear
syn eagje stikken hie, dat wie foar dy grut kwea.

Dach lytse soan fan my, do sobbest yn dyn dream.
Hoe lang sil kola stik of sjips foar dy folstean?
Noch eefkes krûpe, ja it lytse ljocht bliuwt oan.
Mar lekker kûse lytse soan , in tút oan ‘t moarn.

Ja, lytse soan fan my, it moaiste wie beslist,
datsto in hiel âld mantsje wurdst, as ik dat wist.
dat noait in oar dy kwea docht, of da’s ek hiel slim,
datsto in oar kwea dochst, mei ek in heit en mem

Tekst: Giny Bastiaans
Muzyk: Adri de Boer