Salang lyn

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Salang lyn -:-- / 326

Ik tink wier net faak mear oan dy.
‘t Is ek al wat jirren her.
Mar yn in âld skoalaginda,
lies ik krekt dyn namme wer.

Witst noch fan dy waarme simmer
-jûns dan wie ‘t sa stil en soel-
dat wy dan tegearre rûnen,
soms oan ‘t efter by de poel

En dat ‘k moarns om healwei achten
faak op dy te wachtsjen stie.
‘t Wie allinne om dat fytsen,
dat ‘k doe graach nei skoalle gie.

‘k Koe sa earnstig mei dy prate,
sa as dy wie der gjin ien.
Wiest myn earste grutte leafde,
en doe samar wie it dien

Salang lyn,
ús leafde koe net op.
Simmerleafde,
passy yn ‘e dop.
Salang lyn,
wy ha net iens wer skreaun.
Simmerleafde,
mar in stikje fan dy is yn my bleaun

Wis, der kamen oare famkes,
want de klok dy tikket troch.
Mar myn hert fielt noch dyn waarmte,
no ‘t ik dy âd aginda sjoch
Mar myn hert fielt noch dyn waarmte,
no ‘t ik dy âd aginda sjoch
Mar myn hert fielt noch dyn waarmte,
no ‘t ik dy âd aginda sjoch

tekst: Jurjen v.d.Meer
muzyk: Adri de Boer