op it stasjon

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. op it stasjon -:-- / 334

Op ‘t stasjon seach ik dy sitten,
do hiest lang en dûnker hier.
Prachtich moai wiene dyn eagen,
do wiest kreas en lakest blier.

Doe kaamsto ynienen by my,
en do seist, kinst wol mei.
Wat kin ús de minsken skele,
kom mar jong, wy gean hjir wei.

Op it stasjon, in amerij
op ‘t stasjon wie ik fan dy.
En wy rûnen oer de heide,
en der wie gjin inkel lûd.
En ik koe dyn azem fiele,
en ik preau dyn sêfte hûd.

En wy leine ek tegearre
yn it waarme giele sân,
ûnder hege griene palmen,
yn in fier en feilich lân.

Doe foelen út grize wolkens,
stadich dikke drippen rein.
Do siest net mear op it bankje,
yn ‘e fierte ried de trein

Tekst Jurjen v.d. Meer
Muzyk Adri de Boer