Op ‘e fyts

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Op ‘e fyts -:-- / 329

Nynke. Nynke, spring op dyn fyts.
Dan sil ik dy skowe, do bist noch sa lyts.
Noas yn ‘e wyn, kom op famke wy gean,
nei de lamker dy’t no folop yn maitiidslân stean.
Lytse flarde, blom yn’e knop.
Sjongend fan bêd ôf, en dreamend der op.
It touterjen, klouterjen stoppet toch nea ?
Gelokkich do wist fan de prins noch gjin kwea.

Nynke, Nynke, spring op ‘e fyts.
Dan sil ik dy skowe, do bist noch sa lyts.
Noas yn’e wyn, komop famke wy gean,
nei de blomkes dy’t no folop yn simmerlân stean

Lytse flarde, blom yn ‘e knop
soms stiet it wrâldsje fan dy op syn kop
Dochsto dy sear, of do krijst net dyn sin
dan snikst en dan snokst, ach wa kin der no tsin.

Nynke, Nynke spring op dyn fyts
Dan sil ik dy skowe do bist noch sa lyts
Noas yn ‘e wyn , komop famke wy gean,
troch de puozzen dy ‘t no folop yn wetterlân stean.

Nynke, Nynke, oaremans pop
Dreamend fan bêd ôf en sjongend der op.
Moanneskyn, roazegeur, it stoppet toch nea.
Gelokkich do wist fan dyn prins noch gjin kwea

Nynke, Nynke, sprong op ‘e fyts,
de prins oan it stjoer, tsja do bist net mear lyts.
Noas yn ‘e wyn, sjoch har beiden ‘s gean
nei de wûnders dy ‘t noch folop yn mearkeslân stean.

Nynke, Nynke, werom op ‘e fyts
eefkes nei ‘t bernelân eefkes wer lyts.
De prins dy feroare samar yn in kwal,
snotterje, snokkerje, ein fan it bal.
Nynke, Nynke, spring op dyn fyts.
‘k Hoech net te skowen, do bist net mear lyts.
Noas yn ‘e wyn, komop fanke, wy gean
nei de lamkes dy’t no folop yn maitiidslân stean.

Tekst Giny Bastiaans
Muzyk Adri de Boer