Nachtsuster

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Nachtsuster -:-- / 326

Djip yn ‘e nacht en do wist it net mear.
Kinst gjin kant út en alles docht sear.
Wa is it dan dy ‘t dyn hân eefkes nimt,
en it libben in bytsje yn dy werombringt?

Oh de nachtsuster, oh de nachtsuster, oh de nachtsuster
Dy leave, moaie jonge blonde nachtsuster.

Slankjes en pleisters, ‘t ynfús tikket lûd.
De tiid sjit net op, rint dy klok dêr wol goed?
It swit brekt dy út en do krijst it benaud
Sy sltelt dy gerêst en har stim klinkt fertroud

Moarns hiel betiid komt se by my.
Temperatuere ek dat heart der by
Dan flústert se sêft ‘nee it docht echt net sear
wy dogge ‘t tsjinwurdich yn it ear !

Dan komt de dei dan is it safier
Tinkst ‘t is in dream, mar ferdomd it is wier !
Moarn wer nei hûs. Do bist al wer klear
Werom op dysels, en se komt net mear

Tekst : Adri de Boer/Giny Bastiaans
Muzyk: Adri de Boer