Flean op

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Flean op -:-- / 305

Der wurdt wol stikum gnize,
Ut ‘e hichte kâldwei sein;
It Frysk is foar de Friezen.
Wa komt dêrfoar noch oerein.
Hâld dat mar wêr ‘t it thús heart.
Ach wy hawwe der neat mei.
oan elk dy ‘t sa falsk de toan set,
Jou ik no dit lietsje wei.

Frysk heart yn Paris,
like Frânsk as Frânsk yn Riis.

Wat is der mis mei ‘t Frysk?
It bekket ferhipte goed!
Us taaltsje is fantastysk,
en it sit ús yn it bloed.
Yn ‘t Frysk frije wy frijer
en wy sjonge it mei nocht
net yn ‘e hite heie
foar de Alvestêdetocht.

Is sis jo grutsk: Wat blinder,
ús lietsjes ús muzyk,
binn’ om de dúvel net minder
wês earlik; ‘k ha gelyk.
Us lietsjes sjong’ oer it selde
oer leafde wille en nocht
mar resinsjes binn’ komselden
earlik en oprjocht.

Mar as se ús ferslite
foar memmetaal fanaat
dan sit ik my te ferbiten
en skriuw hiel obsternaat
in ferske, wol in bytsje
grimmitich en bretaal,
ma wa wit wurdt dat lytsje
in hit, mear as regionaal

Tekst Adri de Boer/Giny Bastiaans
Muzyk Adri de Boer