Eefkes tegearre ( Tinzen en fantasy )

Artist
Adri de Boer
Útjûn
1999
Genre
frysktalich
  1. Eefkes tegearre ( Tinzen en fantasy ) -:-- / 455

Te koart wie de tiid foar my, mar foar dy wie it klear
Foardat ik it troch hie, wiest der net mear.
‘k woe dat ik nochris, my dy prate koe
en myn soan op dyn knibbel, is wat ik woe

Ik bin no wat âlder en lykas dy, heit
Ik wit no wat dat is, mar bin wol beneid.
Hoe ’t it no gean soe, tusken dy en my
It sil noait wer kinne, dy tiid is foarby

Tinsen en fanasty, binne myn diel
Mar iewich sisto by my, djip yn myn siel
‘k bin wol skânsjearre, in man sûnder heit
’t sil wol sa hearre, mar it went net sa ’t elkenien seit

Soms hear ik fan mem, bist krekt as dyn heit,
Yn hoe ‘st dingen dochst, en ek hoe‘st it seist
En yn ‘e spegel, sjoch ‘k soms ynien,
Dyn mûle, dy eagen, safolle gemien

Do mochst graach sjonge, dat wit ik noch skoan.
Dyn stimme te hearren, it wie sa gewoan.
Thús hiene wy alles mei de muzyk,
No kin ‘k pas sizze, ’t wie hiel unyk

Ea haw ik songen foar dy, ’t wie doe foar it lêst,
Oer Nij Tiden, ’t is no wol bêst.
Al haw ik noch ien winsk , dêr tink ik faaks oan,
Om mei dy te sjongen, in heit mei syn soan.

tekst & muzyk Adri de Boer