Spegelbyld

Artist
Adi de Boer
Útjûn
2015
  1. Spegelbyld -:-- / 417

Do bist myn bêste freon, wy ha fan alles dield.
Myn alter ego bist, siz mar myn spegelbyld.
Ús freonskip gie dochs op in kweade dei ferlern.
Mei op myn siel in grutte kras,
woe ik dij net mear sjen.

Ik wie dy kwyt, en ik, ik fielde inkeld spyt.
It wie as wie ‘k mei dy, mysels in bytsje kwyt.
Ek al die dy kras op myn siel noch altyd sear,
mar it gemis fan dy myn freon,
die dat noch folle mear.

As der in feest te fieren is
as ik in plan op tafel lis,
of ha ik twifels oer de goeie wei,
bisto dy freon foar my.
As ik it libben net ferstean.
Net mear begryp hoe’t dingen gean
en bin ‘k fertrietlik op in dei ,
bisto dy freon foar my.

Ik woe dy tiid werom, luts myn jas oan en ik gie.
Om dij te sizzen, freon, wat ik te sizzen hie.
Mar ‘k seach fan fier de doar al iepen stean by dy.
En foar’t ik ien wurd sei,
wiesto dy freon foar my.

tekst Giny Bastiaans Yedema