Oer it waad

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. Oer it waad -:-- / 253

It Waad op in stille moarn.
Dize brocht in tekken oan.
De wite boat siket it paad
tusken silveren banken sân.
De lucht is fris noch en ik sjoch,
De sinne brekt foarsichtich troch.
Hjir op it waad is de tiid fan my.
Op it waad bin ik hielendal frij.

De sinne hat in sânbank fûn.
In seehûn hat dat ek al sjoen.
De kleur fan ‘t waad giet fan griis nei blau.
It rûkt nei see en ek nei grûn.
Ik wit tichtby it wide strân.
Fierder driuwt it fêstelân.
Hjir op it waad is de tiid fan my.
Op it waad bin ik hielendal frij.

In weach dûnset efter ús oan.
En fûgels dûke yn it skom.
In beaken wiist ús it paad te gean.
‘k Sjoch net foarút en net werom.

Wat wie, dat docht der hjir net ta.
En wat der komt, is hjir net sa.
Hjir op it waad is de tiid fan my.
Op it waad bin ik hielendal frij.
Op it waad is de tiid fan my.
Op it waad bin ik hielendal frij.

tekst Giny Bastiaans Yedema