Mem

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. Mem -:-- / 324

Mem is Mem foar al har bern. Mem is Mem in libben lang, is Mem fan moarns oan’t lette jûn. By har bin ik ek nea bang.

Mem is altyd tûzenpoat. In mem dy’t alles sjocht. Sy wit ek it bernesear. Troch har skynt altyd ljocht.

Mem wit oeral antwurd op. Sy is in ikoan. Mem it beaken yn ’t gesin. Dat is sy jimmeroan.

Mem docht pleisters op de wûnen, mei in Memmetút. En as de triennen fallen binn’ , is ’t goed wer einbeslút.

Fansels is sy de bêste Mem, dy’t ik my mar winskje kin. Gjin inkele Mem is sa as Mem. De spil yn it gesin.

Mem geduldich en sa leaf. Mem ek foar de nacht. Op bêd hear ik noch Mem har stim. Sy hâldt ek de wacht.

Mem, it is no oars as earst. Dêr wêr mem no is. Mem is it nije paad yngien. Foar my is ’t no gemis.

Mem hie oeral antwurd op. Sy wie in ikoan. Mar Mem, sy is ivich ús mem. dat bliuwt Mem jimmeroan.

tekst en muzyk Adri de Boer