In rêchpûde fol

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. In rêchpûde fol -:-- / 311

Juster wie it noch dat hjoed oansteande wie.
En in deunby takomst noch op steapel stie.
Hjoed is alle kearen wer de dei foar moarn.
Wer ien om fan te learen sa giet dat jimmeroan.

De ien wit mear fan dit, de oare mear fan dat.
Hoe’t je ’t draai’ as keare, je stekk’altyd wat op.
Bagaazje kin elk trochjaan oan wa ’t it hearre wol.
Sa komme alle rêchpûden mei ûnderfinings fol.

Om dêr wat mei te dwaan ha ‘k in libben lang de tiid.
Tink net oan hoe lang dat duorje sil, dan fielt it net as striid.
Ik bin in lytse skeakel yn de maatskippij.
Wat ik wit dat wit ik en ik jou it troch oan dy.

Juster wie hjoed takomst en no is foar dêrnei.
‘k Nim fan hjoed it goeie as bagaazje mei my mei.
Ik bin beknipe troch it ferline, betûft yn wa‘k no kin.
Mei fallen en mei opstean bin ik wurden wa ’t ik bin.

Yn ‘e rin fan de jierren wurde wy miskien ea wiis.
Mei âlderein en jongfolk wurdt it libben eins nea griis.
Salang ik hjir noch omstap meitsje ik ferskes op rym.
Dêr liz ik myn bagaazje al sjongende yn.

Hieltyd wer opnij is der wer in dei.
Wer ien om te libjen dat jildt foar dy en my.
Moarn is no de takomst dat hie ik ek al sein
De rêchpûde ha’k by my en ik brûk him ta de ein.

Tekst en muzyk Adri de Boer