Foar al myn maten

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. Foar al myn maten -:-- / 312

It is mar krekt hoe wurdt it brocht. Wat ien begrypt, in oar net sjocht. Mar wol al myn maten. Nee, lit mar sitte, ’t is sa wol goed. Spesjaal doch ik dit no foar hjoed, doch ik foar myn maten.

Somtiden moat de holle leech. Dan is ‘t my wolris wat te dreech. ‘t Oerkomt ek wol myn maten. Wat moat ik sizze, ik wit it net. Fan skynfertoanings gjin ferlet. Mar wol fan al myn maten.
Mar jou my rêst en gjin gemier. En dêrby in kâld glêske bier. Tsjoch! Op al myn maten. Hoe grut de wrâldproblemen ek. Wy losse ’t op yn koart bestek. Soks kin ik mei myn maten.

Asto net wolst, da’s dyn beslút. Dan gean ik der sels wol op út. Tegearre mei myn maten. Sa út en troch sit it my heech. En is der net genôch beweech. Dan binne dêr myn maten.

It is mar krekt hoe wurdt it brocht. De ien sjocht neat, in oar it ljocht. En ik myn eigen maten.
Nee, lit mar sitte, ’t is sa wol goed. Spesjaal doch ik dit no foar hjoed. Spesjaal no foar myn maten! Spesjaal no mei myn maten! Wy binn’ spesjale maten.

Tekst en muzyk Adri de Boer