Femke famke

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. Femke famke -:-- / 344

Femke famke, ‘k sjoch triennen op dyn wangen.
Do bist teloarsteld en bist ek noch bang.
Der komme grif wer nije tiiden oan.
Femke famke, nije tiden oan.

Femke famke, wat sil dyn takomst jaan?
wat wie hat west, dêr kinst neat mear oan dwaan.
Mar wolsto gelok dan bin ‘k der foar dy.
Femke famke, bin ik der foar dy.

Femke famke, ‘t ferline moatsto kwyt.
Nim gjin tiid foar lilkens of foar spyt.
It bringt dy inkeld net watsto graach wolst.
Femke famke, net watsto graach wolst.

Lit it my mar witte, dan is myn hân foar dy.
Dan kinst miskien ferjitte, want ik bin tichterby.
Lit it my mar witte, ik jou dy graach in thús.
Dan kinst ´t ferline litte en de takomst is oan ús.

Femke famke, dyn triennen binne wei.
Do bist net mear bang en by
De nije tiiden binne no begûn.
Femke famke binne no begûn.

Tekst en muzyk Adri de Boer