De tiid hâldt gjin skoft

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2015
  1. De tiid hâldt gjin skoft -:-- / 305

Ik kin it net wer oerdwaan, dat is in dúdlik feit. Sekonde nei sekonde tikt it nei myn ivichheid. Rin ik troch bosk en iepen fjild by helderblauwe loft, ferjit ik efkes in momint; de tiid hâldt echt gjin skoft.

Dat jonge sit noch yn my, ûndogens as altyd. Al rin ‘k no nei de sechtich, dat stikje bin ‘k net kwyt. Ik sjoch omheech de fûgels nei yn de blauwe loft. Se moatte op wei, nei wêr in nêst, want de tiid hâldt echt gjin skoft.

It tij is net te kearen, dat is my wol bekend. En it giet mei feart en faasje, ik reitsje der mar net oan wend. Eltse tik en eltse tak giet op yn blauwe loft. Bringt hjir en dêr gerak, mar de tiid hâldt echt gjin skoft.

Ik bliuw altyd ûnderweis, dat doch ik al sa lang. Soms fljocht it my wol oan, it giet ek mei sa ’n gong. Sels al libbe ik Down under ûnder himelsblauwe loft. Ek dy kant fan de wrâld hâldt de tiid likegoed gjin skoft.

Ik wol graach sinne en wille, de romte en muzyk. No de kânsen pakke, set seadden oan de dyk. Fielst de frijheid al fan hjoed? It hinget yn de loft. Pak it oan en nim ’t der fan, wier de tiid hâldt echt gjin skoft.

tekst en muzyk Adri de Boer