Justerjûn / The Beatles – Yesterday

Artist
ADRI & ARVAN
Útjûn
2017
Genre
wrâldhits
  1. Justerjûn / The Beatles – Yesterday -:-- / 1:13

Al myn soargen liken hast ferdwûn
Mar wier ‘ t is krekt al ha ‘k se no wer fûn
O ja ik leau yn justerjûn

Sa ynienen,
‘k ha noch nea sa op myn fuotten stien
al wie it skaad sa oer my hinne gien
ja justerjûn kaam sa ynienen

werom woe sy fuort
‘k bin ferskuord
se hat neat sein
Ik sei, wêr bisto
‘k langje no
nei justerjûn

justerjûn
de leafde as ynfâldich spul begûn
-werom is no alles sa ferrûn
O ja ik leau yn justerjûn

werom woe sy fuort
‘k bin ferskuord
se hat neat sein
Ik sei, wêr bisto
‘k langje no
nei justerjûn

orizjineel The Beatles ‘Yesterday’
oersetting Adri de Boer