As it rûst / De Dijk ‘ Als het golft’

Artist
ADRI & ARVAN
Útjûn
2017
Genre
wrâldhits
  1. As it rûst / De Dijk ‘ Als het golft’ -:-- / 0:58

As it rûst dan drûst it goed                                                                                                                                    net te dimmen, net te stjoeren
duorret dagen, duorret oeren
as it drûst, dan brûst it bloed

As it rûst dan drûst it goed
net te dimmen, net te stjoeren
Duorret dagen, duorret oeren
As it drûst, dan brûst it bloed

Op in smûke skimerjûntiid
op de râne fan de dei
yn de hân in foege romer
eltsenien dy laket frij

Op de kakelkreaze flakte
fan it geandewei bestean
kin it samar knoerdhurd waaie
wa bliuwt dan noch stokstiif stean

As it rûst dan drûst it goed
net te dimmen, net te stjoeren
Duorret dagen, duorret oeren
As it drûst, dan brûst it bloed

Yn de lijte fan de leechte
doarpse kelders fan ferbean
wêr ’t de langstmen rêstich wachtsje
oant se foar dyn herte stean

Op de dûnsflier fan it libben
tango, tango oer de flier
stroffel, stroffel, efkes sweve
is ús skimerjûn wol wier?

As de nachten alles nimme
en gjin dûnser bliuwt oerein
skynt dêrnei opnij de sinne
wurdt de nacht mei ljocht ynlein

orizjineel ‘Als het golft’ De Dijk
oersetting Sikke Marinus