Alde dyk John Denver ‘Country Roads’

Artist
ADRI & ARVAN
Útjûn
2017
Genre
wrâldhits
  1. Alde dyk John Denver ‘Country Roads’ -:-- / 110

Hast de himel
is ús Fryslân
Heid’ en bosken,
it waad, de klaai, ús marren
Ieuwen lyn ûntstien út eb en floed,
en warbere minskehannen.
It libben is der goed.

Alde dyk, bring my thús.
Nei myn stee, nei myn hús.
Hjir yn Fryslân, wol ik wêze.
Dyk nei hús,
bring my thús.

Dyn ferhalen
libje fierder.
Bist bysûnder,
dat sil altyd sa bliuwe.
‘k Fiel dyn waarmte elke dei opnij.
‘k Sil dy nea ferjitte.
Ik bin gek op dy.

Ik hear in liet yn de moarntiid op ‘e radio.
De wize en de wurden bringe my fuort wer werom.
En ûnderweis krij ik ynienen it gefoel dat ik allang nei hûs ta moat.

orizjineel John Denver ‘Country roads’
oersetting Jurjen van der Meer/Adri de Boer