Skylge

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Skylge -:-- / 448

Sulvergrize skelpepaden
de wyn rûst syn lûd
Pears de dúnen grien de bosken
in eilân yn eb en floed.

de mûzebiter sweeft syn cirkels
in seehûn leit op ’t sân
kloften mieuen lykje te laitsjen,
en de fearboat komt wer oan.

De Noordsee en it waad
omklamje dit lân.
Stryper Wyfke, Brandaris
sinnegiel it strân.

Skylge, it eilân fan Bosplaat,
West, Formearum, Midslân, Aasterein.
Skylge mei Cranbery’s, en Súdwester
en ek jeugdsintimint lang ferflein.

Ik rin troch de geuren
fan frijheidmyn paad
Op ’t terras fan in strântinte
Nim ik in jutterke yn ‘t skaad

Skylge fan jutters
fan fiskers, garnalen,
it goud fan de Lutine
en sterke ferhalen.
Oeral, dúnen, skelpepaden
om it eilân eb en floed

Tekst & Muzyk Adri de Boer