Oer alles skynt de sinne

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Oer alles skynt de sinne -:-- / 335

In duet mei sjongster Kim Stolker

Yn it westen lûkt de himel ticht
Mar de tún stiet yn it ljocht
Hy seit it waar wie hjoed wer neat
Sy seit it skuort al troch
kinst heldre oeren telle
Of die mei waar en wyn
Alles hat twa kanten
Skaad en sinneskyn

Oer alle skynt de sinne
Oer alles leit ek skaad
Kinst heldre oeren neame
Of berûne op dyn paad
Alles hat twa kanten
Yn it liezen bisto frij
Giest de kant út fan de sinne
Leit de skaadkant efternei

Kinst sizze ’t glês is al heal leech
Mar ek it is heal fol
As hy seit nee it komt net goed
Seit sy ik tink fan wol
Pake sjongt in lietsje
Beppe hâld har stil
Buorfrousjocht gelikens
En buorman it ferskil

Guon sizze dizze jûn wie neat
Wêr oaren fûn it goed
Foar it jong is it blomke túg
Foar it famke fluitekrûd
Wyslto seist it koe better
Siz ik ‘t wie best genôch
Ûnthâldst de goeie dagen
Komsto de tiid wol troch