Mei beide hânnen

Artist
Adri de Boer
Útjûn
2011
  1. Mei beide hânnen -:-- / 318

In ienling wie ik doe’
sto my temjitte rûnst.
Do kaamst, do seachst do wûnst
en naamst my by de hân,
woest my dyn leafde jaan.
Ik naam it fan dy oan,
mei beide hannen oan,
mei beide hannen oan.

‘t Wie eefkes dat it oait
net mear sa mei ús rûn.
Mar do kaamst do seachst do wûnst
en naamst my by de hân,
woest my dyn leafde jaan.
Ik naam it fan dy oan,
mei beide hannen oan,
mei beide hannen oan.

Mei dy wurd ik graach âld,
hoe’t it libben ek mar rint.
Do kaamst do seachst do wûnst.
Ik hâld dy by de hân,
wol dy myn leafde jaan.
Ik bied it dy hjir oan,
mei beide hannen oan,
mei beide hannen oan.

tekst Giny Bastiaans
muzyk Adri de Boer